Ave Maria – Schubert, vertaling van Cor Waringa
Leave Maria! Sûnder smet,
ik rop dy oan yn ’t neare tsjuster.
Wol harkje nei myn grut ferlet.
It paad troch ’t libben bin ik bjuster.
My pleaget langstme alle dagen,
is ’t earder lok foargoed foarby?
Wol my dochs bystean mei myn fragen,
wês as in wiere mem foar my.
Leave Maria!
Leave Maria! Faam sa myld,
slaan acht op myn ynmoedich smeekjen.
It libben hat my sa misdield.
Jou my fan kommend ljocht in teken.
Lit my nei al myn sykjen fine
wat djip yn my ferskûle leit,
dan sil de tsjusternis ferdwine
en wurdt myn nacht wer ljochtskyndei.
Leave Maria!